Fryske neisoarchdei 12 maaie 2012.
It wie de 5e kear dat de BFVW dizze dei organisearre. Gasthear dit jier wie de fûgelwacht Idaarderadeel-Noord. Om 13.00 oere wie de start yn cafe s’Lands Welvaren te Wergea.
Neist it bestjoer fan ús wacht en de neisoargers wiene oanwêzich: Heleen de Jong fan de Provinsje Fryslân,
Henk Kalsbeek, Mient Douma en Hessel Meindertsma fan it haadbestjoer en Joop Ludema fan de kommisje neisoarch. Fan SBB wie Arnout Paulus oanwêzich. Ek Omrop Fryslân hie in sjoernaliste stjoerd. Joh. Kramer wie ferhindere. Om 13.00 iepene de foarsitter fan ús wacht (Frans de Bruin) dizze dei. Hy sketste yn syn iepeningswurd nochris it belang fan de neisoarch, foaral it great wurden fan de pyken.
No oeral tagelyk meant wurdt en de greiden yn ien kear keal wurde, falt dit net ta. Ek neamde hy de ynset fan de neisoargers, 10 dagen aaisykje en 3 moanne neisoarch.
Hjirnei setten de neisoargers it lân yn foar de alarmtelling. Nei ôfrin koene se it oantal fûgels mei jongen ynleverje yn it café, mei dêrnei in gesellige neisit. De genoadichden gingen mei it bestjoer nei de Himpensermar. Dit mei it skûtsje fan Pieter Postma fan “scheepswerf van der Werff”.
Oankommen by de Himpensermar lei Frans de Bruin út hoe dizze polder beheart wurdt. SBB is de behearder hjirfan. Ek de skriezekriten om de mar hinne, binne fan belang om in buffer om de polder te foarmjen. Dêrnei binne wy in eintsje de polder ynrûn. Wat in prachtich en ryk gebied oan blommen en fûgels. It kin dus wol.
Om 15.30 oere wiene wy werom yn it café. In oantal neisoagers siet al op ús te wachtsjen.
Hja koene no op in greate kaart fan ús wacht oanjaan wêr fûgels mei jongen binne.
Joop Ludema die oan de hân fan in foarbyld útlis oer it nije registraasjesysteem.
Om 16.45 slúte de foarsitter dizze dei ôf en betanke de oanwêzigen. Hy koe werom sjen op in tige slagge middei.
Op 11 juny 2012 om 9 oere binne wy dochs noch mei deputearre Joh. Kramer nei de Himpensermar west.
Ek oan him waard troch Frans útlein hoe dizze polder beheart wurdt en krigen wy fan Jan Sipkes de resultaten fan de lêste jierren. Dêrnei binne wy nei Duhoux yn Wurdum ta setten foar yn bakje kofje en in goed petear oer de takomst fan ús greidefûgels en de rol fan Ryk, Provinsje, fûgelwachten, behearders natuurgebieden en fansels de boeren mei hun organisaasjes. As wy dit meienoar oppakke wolle, moat dit goed komme.